Real hat ynteresse yn Pranjic

Danijel Pranjic yn byld by Madrid
Hearrenfeanfuotballer Danijel Pranjic soe yn de belangstelling stean by de Spaanske topclub Real Madrid. Dat meldt de Spaanske krante El Mundo Deportivo freed.
In delegaasje fan Real Madrid hat de 26-jierrige Pranjic ôfrûne woansdei spyljen sjoen by de ynterlân fan Kroaasje tsjin Andorra. Dy wedstryd waard mei 4-0 wûn troch Kroaasje. Danijel Pranjic stiet by Hearrenfean noch ûnder kontrakt oant 2012.