Reid krijt eigen postsegel

17 okt 2008 - 15:46

Reid de Jong fan Warkum hat freed in postsegel mei syn eigen ôfbydling krigen. De markante Warkumer wie 35 jier lyn de betinker fan de Strontrace, in sylwedstriid om it brûken fan âlde skippen foar frachtferfier yn eare te herstellen.

Dat wie reden foar de organisaasje in postsegel mei Reid derop út te jaan en him in grut ynliste eksimplaar oan te bieden. De Strontrace is no útgroeid ta in grut evenemint mei dêrneist ek noch oare aktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)