Jacht útbaarnd yn Harns

17 okt 2008 - 15:19

By jachtwerf Atlantic yn Harns is freed in jacht útbaarnd. By de werf oan de Sibadawei waard bûtendoar wurke oan ûnderhald. De brânwacht fan Harns hat it fjoer útmakke, mar fan it skip is net folle oer. Personiel dat mei it wurk dwaande wie is net ferwûne rekke.

Nei de oarsaak fan de brân en it krekte skeabedrach wurdt op it stuit ûndersyk dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)