Fokuswenningen nei oar plak

© Omrop Fryslân
De Fokuswenningen foar ferstanlik handikapten komme mooglik op it plak fan de âlde sporthal De Telle op It Hearrenfean. Earder soene de wenningen by it Abe Lenstra Stadion komme, mar de gemeente jout de foarkar oan it nije Thialf op datselde plak.
In arsjitekt is no dwaande mei it bouplan foar it Telle-gebiet. It plan moat foar 1 jannewaris klear wêze, om't de Fokus Wenfoarm oars net mear op tiid is om in subsydzje fan 1,2 miljoen euro oan te freegjen.