Trainer Ab Gritter ferstoarn

© Omrop Fryslân
Fuotbaltrener Ab Gritter is tongersdei folslein ûnferwachte ferstoarn. Hy wie yn 1989 trainer fan SC Hearrenfean. Under technysk direkteur Foppe de Haan wûn er yn de earste divyzje de earste perioadetitel, mar nei in heal jier gong er wer fuort.
Gritter wie as fuotballer aktyf by FC Grins, FC Twente, it Deenske Kolding en Heracles. Dit seizoen wie de ynwenner fan Havelte trainer fan Wacker-Van Dijk. Ab Gritter waard 59 jier.