Tsjerketoer Folsgeare opknapt

16 okt 2008 - 21:09

De tsjerketoer fan Folsgeare sil de kommende moannen opknapt wurde. Yn 1999 wie al dúdlik dat der wat dien wurde moast, mar no kin it dan einlings echt begjinne. De gemeente Wymbritseradiel hat dizze wike grien ljocht jûn en it noadige jild beskikber steld.

It mitsel- en skilderwurk sil opknapt wurde, mar der sille ek feilige treppen en bordessen yn de toer makke wurde. De opknapbeurt sil mei elkoar sa'n 120.000 euro kostje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)