Marga Waanders nei D'diel

Marga Waanders nije boargemaster D'diel
Marga Waanders wurdt de nije boargemaster fan Dongeradiel. Sy stiet op nûmer 1 en sil foardroegen wurde by de minister fan Binnenlandse en Koninkrijkszaken. Dit is tongersdeitejûn bekend makke yn in bysûndere riedsgearkomste.
Marga Waanders is no noch wethâlder yn de gemeente Ljouwert mei û.o. romtlike oardering, ekonomy en toerisme yn har portefeuille. Sy folget Roel Cazemier op dy't direkteur fan Omrop Fryslân wurden is.