Minder Friezen sûnder wurk

16 okt 2008 - 19:56

It tal minsken dat yn Fryslân sûnder wurk sit is it ôfrûne jier mei goed 3000 ôfnommen. Der binne no noch sa'n 16.000 Friezen dy't gjin wurk hawwe. Allinnich al yn Ljouwert binne hast 1000 minder wurkleazen as in jier lyn.

Fan de trije noardlike provinsjes is de wurkleazens yn Fryslân it meast ôfnommen. It noarden docht it yn fergelyk mei de rest fan it lân ek goed. Lanlik is de wurkleazens mei 13% ôfnommen, yn it noarden mei 15,3%.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)