Friezen rjochting Liet Lavlut

Yn de Noard-Sweedske yndustrystêd Lulea is tongersdei de Fryske delegaasje fan it ynternasjonale Lietfestival Liet Lavlut oankommen. No sneon is de finale. Foar Fryslân docht de 28-jierrige skiednisdosint Jelte Posthumus mei syn band Pilatus Pas mei. It nûmer dat se sjonge is "De wiete wyn hellet oan".
Yn totaal binne der alve dielnimmers. Dy komme - neist Fryslân - û.o. út Laplân, Spanje, Itaalje en Wales. It festival is te folgjen op www.liet.nl.