Soarchkantoar jout ekstra jild

16 okt 2008 - 16:20

Thússoarch De Friese Wouden en Soarchkwadrant Fryslân East hawwe by de healjierlikse ferdieling 3,5 miljoen euro krigen fan it soarchkantoar.

De soarchynstellings hawwe de lêste tiid in hiel soad nije kliïnten krigen en in grut part fan de soarchkosten hiene se út eigen bûse betelle. No't se it ekstra jild krigen hawwe, ûntsteane der gjin tekoarten en kin it jier posityf ôfsletten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)