Positive begrutting Frjentsjer

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjerteradiel ferwachtet takom jier goed twa ton oer te hâlden. Dat stiet yn de begrutting fan 2009. It kolleezje fan b. en w. lûkt in pear ton út foar nij belied.
Frjentsjerteradiel hat plannen foar de oanlis fan nije diken, útwreiding fan it glêstúnbougebiet en húsfesting fan skoallen. In part fan it jild wurdt oan 'e kant set om ûnferwachte ôffallers opheine te kinnen. Ynwenners en bedriuwen yn de gemeente betelje takom jier wat mear rioelbelesting.