Ynspeksje Gea fan Noarderleech

16 okt 2008 - 13:22
  • Tongersdei moasten de bisten derwei wêze

Fan tongersdei ôf mei der gjin fee mear rinne op it lân fan it Fryske Gea yn it Noarderleech by Marrum. Dat moat om't it Fryske Gea benaud is dat by in stoarm lykas twa jier ferlyn it lân ûnder wetter komt te stean en bisten dan fersûpe. Ek tsjinnet it lân no as gebiet dêr't guozzen ite en bykomme kinne.

Om te sjen oft al it fee fuort is giene twa ynspekteurs fan it Fryske Gea tongersdei op ynspeksje. Alle pachters wiene de ôfspraak neikommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)