Tulpetylt bedrige troch Europa

16 okt 2008 - 13:16

It ferbieden fan bestridingsmiddels by it telen fan tulpen wurdt de deastek foar de sektor. Dat tinkt bolleteler Pieter Braaksma fan Ljussens. It Europeesk Parlemint stimt jannewaris oer strengere easken foar it bestriden fan túch, skimmels en ynsekten.

Stimt Europa yn mei de plannen dan is it dien mei it oer-Hollânske produkt. It bestriden fan túch moat dan mei de hân en dêr is gjin personiel foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)