Sutelaksje ticht by 180.000

16 okt 2008 - 12:04

De Sutelaksje hat oant no ta hast 176 tûzen euro opsmiten. Woansdei waard sutele yn Nijewier, Wetsens, Jouswier en Garyp. Yn dy doarpen waard foar 3500 euro oan boeken ferkocht.

It boek De hearen fan Fryslân fan Arjen Terpstra die it op 'e nij hiel goed. Ek fan It swijen net wurdich fan Willem Verf en in Jikse-libben fan Janneke Spoelstra wurdt flink wat ferkocht. By de jongereinboeken is Heftich in bêstseller.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)