Snitser rydt tsjin beam

© Omrop Fryslân
In 20-jierrige man út Snits is woansdei ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. De man ried yn syn auto oer de Leeuwarderweg. Hy joech noch wat gas om it oranje ferkearsljocht te heljen. Nei de krusing stie lykwols in file, wêrtroch't er fol yn de remmen moast. Dêrby ferlear de man de macht oer it stjoer en klapte er tsjin in beam oan.
De man waard mei ferskate ferwûnings nei it sikehûs brocht.