Ferset tsjin Poortje groeit

16 okt 2008 - 10:14

It ferset tsjin de komst fan jeugdfinzenis Het Poortje nei It Hearrenfean wurdt allinne mar grutter. Ynkoarten sille de tsjinstanners in spesiale jûn belizze om aksjes te bepraten.

Woansdei organisearre de gemeente in ynfobyienkomst oer It Poortje. Op dit stuit binne der twa lokaasjes yn byld yn Hearrenfean Noard-East. De measte wykbewenners wolle hielendal gjin finzenis en dat sille se dúlik meitsje ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)