File troch botsingen op A32

16 okt 2008 - 09:57

Op de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean hawwe tongersdei koart nei elkoar twa ûngelokken west. It earste ûngelok wie in iensidige botsing fan in auto.

Doe't de plysje de skea opnaam knalden der nochris twa auto's tsjinelkoar oan. Ien automobilist rûn dêrby nekklachten op. In part fan de dyk hat dêrnei ôfsletten west. Dat soarge foar in lange file.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)