Elma de Vries wint yn Assen

Elma de Vries (foto Martin de Jong)
Reedrydster Elma_de_Vries, earder fan De Haule no fan Meppel, hat woansdeitejûn de maraton yn Assen wûn. Yn de sprint wie se te fluch foar Carla_Zielman. De_Vries en Zielman hiene tegearre op de streek in foarsprong fan 100 meter op it peloton.
Mariska_Huisman wûn de sprint fan de grutte groep. De maraton yn Assen wie de fjirde wedstriid yn de KNSB-kompetysje. Troch har oerwinning nimt Elma_de_Vries de lieding yn it klassemint oer fan Maria_Sterk.