Plysje nimt sedesaak heech op

De plysje ûndersiket de saak mei 20 man
De plysje wurket noch mei tweintich resjersjeurs oan in sedesaak by Feankleaster. Moandei is dêr op in fytspaad in famke (14) misbrûkt. It plak dêr't it barde, is tichtby it plak dêr't Marianne Vaatstra yn 1999 fermoarde waard. It nije misdriuw soarget foar ûnrest yn de streek.
Opfallend is dat de plysje al in ûndersyk rinnen hie nei in persoan dy't yn deselde buert ek minsken lestich foel. Woansdei hat de plysje in passante-ûndersyk hâlden.