Opset hynder Keje is klear

15 okt 2008 - 15:29
  • Keje liket sa út de wein te stappen
  • Keje stiet oanspand yn it Lânboumuseum

Keje fan 'e Kilewier stiet der wer moai by. As earste fan syn ras waard de Fryske hynst opset. Woansdei waard er te plak set op syn nije stek yn it Lânboumuseum. Yn libben stie de Fryske hynst al bekend om syn ymposante foarkommen, mar om't er net foar neikommelingen soargje koe, wie der foar de fok net geskikt. In preparateur fan it Natuermuseum hat Keje opset.

Fan freed ôf is it hynder te sjen yn it Lânboumuseum yn Earnewâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)