Ferdield oer keapsnein

Ferdieldheid yn Drachten oer keapsnein
De gemeente Smellingerlân is bot ferdield oer de keapsnein yn Drachten. Der is tiisdei oer praat yn de ried. Der wie gjin dúdlike mearderheid.
Foarstanners fine dat Drachten oantrekliker wurdt troch de keapsnein. Tsjinstanners binne lykwols fan miening dat de 24 oere-ekonomy net goed is en dat de sneinsrêst behâlden bliuwe moat. It is noch ûndudlik oft de keapsnein der ek echt komt.