Kaarten al gau fuort

Der komme noch in pear kaarten út
Der binne problemen by de ferkeap fan de lêste kaarten foar de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin AC Milan. By guon plakken mei in Ticketbox foel it systeem út en dêrtroch koene minsken, dy't as earste yn de rige stiene, gjin kaart krije. Ek fia de online-ferkeap op de offisjele webside fan de klub koene in soad minsken gjin kaart mear krije, om't it systeem drok beset wie.
De lêste 600 kaarten foar de UEFA Cup-wedstriid binne nei alle gedachten yn in minút útferkocht.