Kuiper bliid mei Gaasterlân

15 okt 2008 - 11:50

Skarsterlân is posityf oer de kar fan Gaasterlân-Sleat foar in weryndieling mei Skarsterlân en Lemsterlân. Neffens boargemaster Kuiper fan Skarsterlân is Gaasterlân-Sleat in goede partner foar de foarming fan in grutte plattelânsgemeente.

De gemeenteried fan Skarsterlân hat earder bepaald opgean te wollen yn sa'n plattelânsgemeente en neat te sjen yn de troch de provinsje foarstelde fúzje mei it mear stedse Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)