Famke misbrûkt op fytspaad

14 okt 2008 - 21:04

In famke fan 14 is moandeitemiddei oanranden yn de buert fan Feankleaster. De plysje hat in resjerzjeteam op de saak set. Foar it spoare-ûndersyk hat de Keningswei by Feankleaster tiisdei in skoft ôfsletten west.

It famke, út de gemeente Kollumerlân, fytste oer it Mûzepaad rjochting Feankleaster. In blanke man mei in fyts hâlde har oan en misbrûkte har. De plysje hat luchtfoto's fan de omjouwing makke en mei speurhûnen socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)