Fuotballer tsjin holle skopt

© Omrop Fryslân
In jeugdspiler fan Heerenveense Boys hat tiisdei oanjefte dien fan mishanneling yn de wedstryd dy't syn alvetal sneon spile yn Harns.
De jeugdteams fan Zeerobben en Heerenveense Boys hiene al in rûzige wedstryd achter de rêch, doe't yn blessueretiid Jasper de Heij (17) fan It Hearrenfean ûnderút gie en skoppen krige fan 4 Harnzers. Nei in skop tsjin de holle rekke hy bewusteleas en slokte syn tonge yn. Hy hat in kniesde nekkewervel en in harsenskodding.