Kongres: frede troch toerisme

© Omrop Fryslân
Op de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert wurdt takom wike in kongres holden oer frede troch toerisme. Pommeranten út de toeristyske sektor sille hjir presintaasjes jaan. De konferinsje wurdt yn Nederlân holden, omdat ús lân ien fan de earste lannen is mei sawol belied as projekten op it mêd fan ûntwikkelingsgearwurking.
Mei it kongres wol de organisaasje better ynspylje op duorsum toerisme, minder earmoed en in sosjale ferbettering yn ûntwikkelingslannen.