Mear kriminaliteit yn Ljouwert

14 okt 2008 - 16:27
  • Benammen mear húslik geweld

It tal geweldsmisdriuwen yn Ljouwert is yn de earste helte fan dit jier tanommen. Benammen it tal gefallen fan húslik geweld is flink omheech gien.

Der kamen yn it earste heal jier hast 10 ekstra meldings fan húslik geweld per moanne by de plysje binnen. Neffens Plysjesjef Silvia te Wierik fan Ljouwert komt dat foar in part omdat minsken earder oanjefte dogge troch de ekstra oandacht foar húslik geweld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)