Mear Polderpasjinten nei Snits

14 okt 2008 - 13:51

Ut de Polder komme hieltyd mear pasjinten nei it sikehûs yn Snits. Dy wurde dus net trochferwiisd, mar komme spontaan. Yn Snits is noch in groei mooglik fan 15 prosint. Dat betsjut dat it sikehûs noch 20 bêden pleatse kin om dy pasjinten op te fangen.

De thússoarch Súdwest Fryslân wurdt ek ynskeakele om de tiid dat minsken yn it sikehûs lizze sa koart mooglik te hâlden om de pasjintestream goed op gong te hâlden. It Antonius sil ek personiel fanút Emmeloord oannimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)