Noch gjin CAO Glaverbel

14 okt 2008 - 13:23

De leden fan FNV Bondgenoten by glêsfabrikant Glaverbel yn Easterwâlde hawwe moandei it CAO-einbod fan de wurkjouwer ôfwiisd. Glaverbel is wol oer de brêge kaam mar noch net genôch, fine de wurknimmers.

De wurkjouwer biedt in leansferheging fan 3,5 persint. Fierder giet it plan fan Glaverbel om foar in part fan it personiel in oare, mindere CAO ôf te sluten foarearst net troch. It einbod is ôfwiisd om't noch hieltyd fleksibel wurke wurdt sûnder ekstra fegoeding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)