Falske advertinsje Marktplaats

It ferhaal fan 'nep-Yme' op Marktplaats
Sportklub Hearrenfean is lulk oer in advertinsje op de ynternetside fan Marktplaats. Yn de advertinsje dogge minsken har foar as Yme Kuiper, de direkteur fan de klub.
Hearrenfean soe hurd optrede tsjin de yllegale kaartferkeap foar de wedstriid tsjin AC Milan en sels de taskôgers kontrolearje op har identiteitsbewiis. Yme Kuiper ûntkent dat.