Te hurde riders op Ofslútdyk

14 okt 2008 - 11:58

De plysje hat moandei op de Ofslútdyk de rydbewizen yn beslach naam fan twa autobestjoerders, omdat se te hurd rieden. In man (34) út Purmerend hie 173 op de teller stean, wylst 120 dêr mei. Hy waard trapearre troch in ûnopfallende surveillânsewein fan de plysje.

De oare autobestjoerder waard trapearre mei in lasergun. Dy man, út Middenbeemster, ried 120 dêr't 70 tastien is. Se ha beide prosesferbaal krigen en binne har rydbewiis kwyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)