Spul om útstekken tonge

14 okt 2008 - 10:46

In 79-jierrige man is moandei yn syn wenplak It Hearrenfean mishannele troch in ynwenner fan Minnertsgea. Dy hie earder dy dei syn tonge útstutsen nei de man. De Minnertsgeaster waard dêr letter troch syn freondinne op oansprutsen, nei't se mei de frou fan de Hearrenfeanster praat hie.

De Minnertsgeaster pikte dat net en helle ferhaal by de Feanster troch him mei in skimerlampe op 'e holle te slaan. De man foel dêrtroch en rekke ferwûne oan 'e holle en it skouder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)