Noch 600 kaarten H'fean

Measte kaarten al fuort
Foar de wedstriid fan Sportklub Hearrenfean tsjin AC Milan komme woansdei noch 600 kaarten yn de ferkeap. Oant en mei tiisdei kinne seizoenkaarthâlders har plak weromkeapje.
Fan woansdei ôf kinne ek klubkaarthâlders kaarten keapje. Oant no ta binne der sa'n 25.000 kaarten ferkocht. It giet om in passe-partût foar de wedstriid fan AC Milan op tongersdei 23 oktober en Sporting Braga op 6 novimber.