Eigners socht fan stellen guod

14 okt 2008 - 09:53

De plysje is op syk nei de eigners fan in grutte partij ark, dy't earder dizze moanne fûn waard yn it hûs fan in 36-jierrige ynwenner fan Hylpen. By de man waard ek in karre mei in swiere hegedrukreiniger fûn.

In diel fan it ark is yntusken werom by de eigners, fan oar ark wurdt tiisdei yn it programma Plysjepost de eigner socht. It ark waard stellen troch de ynwenner fan Hylpen en twa manlju fan 27 út Warkum en Koudum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)