Problemen besunigings AWBZ

14 okt 2008 - 06:56

Inkelde tûzenen Friezen driigje yn de problemen te kommen troch besunigings op de AWBZ, de Algemene Wet Bijzondere Ziektekosten. De steatssiktaris wol dat minder foarsjennings út dy AWBZ betelle wurde en oergean nei de WMO, de Wet Maatschappelijke Ondersteuning. It giet dan bygelyks om húshâldlike help foar minsken mei in handikap.

Probleem is dat gemeenten de WMO útfiere, mar der gjin ekstra jild by krije. Boppedat giet de wiziging al op 1 jannewaris yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)