Beslach op Amerikaans skip

13 okt 2008 - 16:55

Fjouwer bemanningsleden fan it Amearikaanske skip Alois dat al seis wiken yn Harns leit, ha beslach lein op de sleepboat. De bemanning hat gjin lean krigen, omdat rederij E.J. Ventures in miljoeneskuld by de bank hat. It ynternasjonale fakbûn foar seelju ITF hat in koart pleit oanspand om fan de rjochter tastimming te krijen om de boat te ferkeapjen.

De Amerikanen bedarren seis wike lyn yn Harns doe't se dêr in boat út Roemenië ôfleverje moasten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)