Gjin Fryske oerheid by Icesave

Gjin Fryske oerheden by Icesave...
Gjin inkelde Fryske gemeente hat jild útstean by de IIslânske bank Icesave. Dat is in dochterbedriuw fan Landsbanki, de bank dy´t omfallen is.
Seker tolve gemeenten yn hiel Nederlân hawwe miljoenen euro´s by de bank ûnderbrocht. De measte Fryske gemeenten hawwe harren jild op de Bank Nederlandse Gemeenten stean. Ek de provinsje hat gjin jild útstean by risikofolle bûtenlânske banken. It Ministearje fan Ynlânske Saken ynventarisearret de skea op it stuit.