Auto's bekrast yn Bûtenpost

13 okt 2008 - 09:53

De plysje ûndersiket de fernielings oan ferskate auto's yn Bûtenpost. Snein hawwe al tsien minsken oanjefte hjirfan dien. Yn de nacht fan sneon op snein waarden tsientallen auto's mei in skerp foarwerp bekrast yn de Gysbert Japiksstrjitte, de Troelstraleane, de Dr. Postmastrjitte en de Dr. Wumkesstrjitte.

De plysje tinkt dat der moandei noch wol mear minsken oanjefte dwaan sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)