Fytstocht nei Taptoe Ljouwert

13 okt 2008 - 09:41

Acht leden fan de Christelijke Muziekvereniging Kunst en Genoegen út Leiden hawwe sneon mei in fytstocht fan Leiden nei Ljouwert 5000 euro binnenhelle foar de eigen feriening.

De muzykferiening út Leiden stiet der finansjeel min foar. Dêrom waard de fytstocht opset oer in ôfstân fan in lytse twahûndert kilometer nei de 35ste Taptoe dy't sneon holden waard yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Neist it bedrach fan 5000 euro waard ek noch 1300 euro binnenhelle út oare kanalen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)