Oanhâlding foar bedriging

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat sneintejûn yn de hal fan in flat oan de Ipestrjitte in 35-jierrige ynwenner út de haadstêd oanholden op fertinking fan bedriging. De Ljouwerter wie dronken en hie mei in izeren staaf in tal bewenners fan de flat bedrige.
Ien fan de bewenners seach kâns om de staaf fan de man ôf te pakken. De plysje wie yntusken ek te plak en koe de fertochte meinimme nei it plysjeburo.