Brânwacht seaget frou út auto

12 okt 2008 - 17:17

De brânwacht hat sneontenacht in frou (51) út Drachten út har auto seagje moatten, neidat se dêryn beknypt rekke troch in ûngelok. De frou wie op de Oprijlaan yn har wenplak yn botsing kommen mei de auto fan in 38-jierrige man út Appingedam.

De frou wie op de ferkearde kant fan de dyk bedarre. Neidat de brânwacht har út de auto krigen hie, waard se oerbrocht nei it sikehûs. Omdat de plysje tocht dat se te folle dronken hie, waard in bloedproef ôfnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)