Mei mes yn skonk stutsen

12 okt 2008 - 17:00

In 27-jierrige ynwenner fan Ljouwert is sneontenacht mei in mes yn syn skonk stutsen. De plysje fûn de man doe't er op strjitte lei yn de Beekkerkstrjitte yn Ljouwert. Hy hie syn broek útdien en om syn skonk wikkele om bloedferlies tsjin te gean.

Hy ferklearre dat in man him stutsen hie yn in wente yn de buert. De plysje gie dêr hinne en hold in 24-jierrige Ljouwerter oan. It die bliken dat de man noch in finzenisstraf útsitte moat. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)