Drugsdealer oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Ljouwert in 17-jierrige jonge oanholden fanwege de hannel yn harddrugs. Plysjeminsken seagen dat er oan it Ruterskertier drugs ferkocht oan in oare man. Neidat de keapjende man dat tajûn hie, waard de 17-jierrige even letter oanholden.
Hy besocht dêrby noch om sân boltsjes mei kokaïne yn syn ûnderbroek te ferstopjen. Dat slagge net en de jonge waard meinommen nei it plysjeburo.