Nij pr foar Remon van Lunzen

12 okt 2008 - 16:33

Remon van Lunzen hat by de maraton fan Eindhoven in nij persoanlik rekord rûn. De Ljouwerter einige yn in tiid fan 2.26,14 en dat wie in aardige ferbettering fan syn âlde pr fan 2.27,22.

Van Lunzen wie boppedat de fjirde Nederlanner en de bêste yn de kategory 35-plus. Dat levere him de nasjonale titel yn dy kategory op. Karst Anema út Stiens wûn goud yn de kategory 60-plus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)