Ruten fernield troch fjoerwurk

© Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei de fernieling fan ruten by gebouwen op Skylge. Yn de nacht fan freed op sneon eksplodearre fjoerwurk op in pear ruten fan gebouwen oan ´e Boomstraat en de Willem_Barentzkade yn West-Skylge.
Buertbewenners hiene de eksploazje en it rinkeljen fan glês wol heard, mar warskôgen net de plysje. De eigners fan de beide gebouwen moatte noch oanjefte by de plysje dwaan. De plysje is noch op syk nei de dieders.