Auto botst op trekker Sweins

© Omrop Fryslân
In 47-jierrige man út Dronryp en syn passazjier fan 16 binne sneontejûn op de Ryksstrjitwei by Sweins yn folle gong op in stilsteande trekker mei oanhinger botst. Se rekken dêrby beide ferwûne en binne oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.
Neffens de autobestjoerder stie de trekker sûnder ferljochting op ´e âlde dyk tusken Dronryp en Frjentsjer. De plysje stelt in neier ûndersyk yn.