Oanriding op A6 by St Nyk

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op de A6 by St Nyk binne sneontemiddei meardere minsken ferwûne rekke. In frachtweinsjauffeur (56) út Rutten ried yn op in tal auto´s. Dy hiene wachte foar de iepensteande brêge. De frachtwein rekke in auto, dy´t wer trochskeat nei in oare auto en in buske. De lêste auto sloech dêrby oer de kop.
De tsien minsken fan it buske út Uithoorn rekken allegearre licht ferwûne. De ynsittenden fan de oer de kop sleine auto waarden troch de plysje befrijd.