Gouden Gurbe foar Amadeus

Sukses foar iepenloftspul Dronryp
De Gouden_Gurbe 2008 foar it bêste iepenloftspul is nei ´Amadeus´ yn Dronryp gien, nei it stik fan Peter Shaffer. De sjuery fûn ek unanym dat de Gouden Gurbe foar de bêste haadrol foar Arjen_van_der_Wouden is dy´t Amadeus spile.
De publykspriis gong nei ´Jou My Wjukken´, it iepenloftspul fan Jorwert, basearre op de film ´As it is in heaven´. ´Jou My Wjukken´ krige fan de sjuery ek in Gouden Gurbe foar de foarmjouwing en de bêste byrol.