Bibleteek It Fean 90 jier

© Omrop Fryslân
De bibleteek fan It_Hearrenfean fiert moandei it 90-jierrich bestean. Dat wurdt dien mei ferskate aktiviteiten. Minsken dy´t dy deis har jierdei hawwe en noch net lid binne, kinne trije moanne fergees boeken liene. Leden dy´t komme, har jierdei hawwe en boeken liene, krije in aardichheidsje.
De bibleteek begûn yn in gebou oan de Vleeschmarkt op It_Hearrenfean, mar ferhuze letter ferskate kearen, en bedarre úteinlik op it Boargemaster Kuperusplein.