Titel foar Schuil en Nummerdor

Richard Schuil mei Reinder Nummerdor
De Ljouwerter beachvolleyballer Richard_Schuil en syn maat Reinder Nummerdor hawwe in toernoai yn Dubai wûn. Yn ´e finale wiene se te sterk foar it Dútske duo Reckermann en Urbatzka. It is nei Bahrein en Zagreb de tredde titel foar Schuil en Nummerdor yn de World_Tour.
It duo is yn in goede foarm. Se waarden Europeesk kampioen en wûnen de toernoaien fan Spanje, Ingelân en Ruslân. By de Olympyske Spelen waarden se yn ´e kwartfinale útskeakele.